“In sterk en grien Tytsjerksteradiel bouwe wy mei-inoar: woartele yn ús kultuer, mei in sterke leefberens en rjochte op de takomst.”
Myn namme is Bareld Kootstra en ik wenje mei ús gesin yn Garyp.
Tegearre bouwe wy oan in libben, grien en sterk Tytsjerksteradiel. In gemeente dêr’t wy grutsk binne op ús eigen taal, kultuer en mienskip, en dêr’t tagelyk romte is foar de takomst en foar nije generaasjes.
Wy kieze foar tûke en kompakte bou, sadat der mear wenten komme kinne sûnder dat ús prachtige lânskip ferlern giet. Sa geane wy bewust en effisjint om mei de romte dy’t wy hawwe, en meitsje wy plak foar jong en âld om hjir noflik te wenjen, te libjen en op te groeien.
Mar ús ferbûnens giet fierder as allinnich ús eigen hûs en doarp. Wy sjogge om nei elkoar, tichtby en fierder fuort, en meitsje duorsume keuzes dy’t ús natuer beskermje en fersterkje. Op dy wize boue wy oan in mienskip dy’t woartele is yn de wearden en tradysjes fan juster, mar mei folle enerzjy en fertrouwen wurket oan de wrâld fan moarn.