Een volhoudbare mienskip

environmental-protectionwoensdag 05 juli 2017 16:13

Achte oanwêzigen, minksen dy’t meisjogge, kolleezje, collega riedsleden, achte foarsitter,

Elk jier waaie der tonnen oan Sahara sân út Afrika oer de oceaan nei Súd Amerika, dy’t dêr yn reindruppels nei beneden falle. De mineralen yn dat sân drage by oan de groei fan de bosken yn it Amazone gebied. Sa binne der folle mear foarbylden fan eigenlyk allegear kringlopen dy’t hunself yn stân hâlde en draaie op de sinne. Een grutte kringloop-ecenomie op sinne-energie. God is de Skepper fan dy wrâld mei kringlopen. Dit is een moai ferhaal, dat ik lêsde fan meteoroloog Reinier van den Berg. De ierde soraget foar harsels, it binne wy as minsken dy’t de ierde útputte, ús comsumptiemaatschappij en 24-oers economie dy’t steeds mear skea tabringe. Dêrom kinne we in foarbyld nimme oan dit soart kringlopen dy’t we sjogge yn ús natoer. Een circulaire economie is de rjochting dy’t we gean moatte.

Dit freget fan ús om goede rentmeesters te wêzen fan de ierde, derfoar te soargjen. Sa lêze we ek yn psalm 8; dat de ierde ús tafertrouwd is, sa’t een berntsje dy tafertrouwd wurdt. Fersoargje, beskermje en koesterje, dat soe ús earste neiging wêze moatte. Mar dat is lang net altyd wat wy dogge, sa’t we no bezig binne, dat kinne wy, dat kin ús ierde net folhâlde.

Folhâlde, want wy ha it wol faak oer duorsumens, de energietransitie en de circulaire economie as kernpunten fan een nije economie. Mar de term ‘volhoudbaar’, dy’t yn dit hûs foel yn de diskusje oer de mooglike komt fan een biofergister, die by my, by ús as fraksje, stof opwaaien. Yn positieve zin. Want eigenlik is dy moaie Sud Afrikaanse bewurding folle geskikter foar al dy saken. Yn alles wat wy betinke, wat wy as beliid ynfiere wolle en by projecten dy’t we útfiere wolle, moatte we ússels eins de fraach stelle; is dit ‘volhoudbaar’?

‘Volhoudbaar’; kinne we dit, wat we no foarstelle, wol folhâlde? Dizze term kaam dan ek wer by ús op, by de foarbereiding fan de PPN. Enn wurd kin je soms extra gripe. It is mar taal, maar wurden ha soms een protte kracht. It wurd ‘volhoudbaar’, at we dat projekteare op de PPN, wat sjogge we dan? Binne de foarstellen ‘volhoudbaar’? Is ús beliid, sa’t it no is, nog fol te hâlden, at we nei de ûntwikkelingen om ús hinne sjogge?

  • Hoe ‘volhoudbaar’ is ús gemeente, ús welvaartniveau, ús niveau fan foarsjenningen, ús wenningoanbod?
  • Hoe ‘volhoudbaar’ binne we, at it gjit om de transities op de 3 decentralisaasjes, de besúniging, de fraach oan de boarger om mear te participearen?
  • Hoe ‘volhoudbaar’ binne we op it mêd fan energieferbrûk, ôffal, de oergong nij een nije economie?

Us gemeente is tink ik op de goede wei en wy binne ‘volhoudbaar’, der is grutte mienskipssin, dat bewize moaie initiatieven dy’t we sjoen ha. Dat bewize ek alle frijwilligers en mantelsoargers elke dei wer. We binne ek een ‘volhoudbare’ gemeente omdat we een Fêste Grûn ha, een stabiele gemeente binne wêr’t we it mei inoar oer it algemien gewoan goed ha. Mar we sille op flakken wol kieze moatte.

Want ‘volhoudbaar’ is net nei een pear jier besúnigingen werom draaie moatte omdat we oan it begjin te bot knepen ha, ‘volhoudbaar’ is net resultaten ferwachtsje dy’t net mooglik binne, ‘volhoudbaar’ is net ús consumptiemaatschappij, de 24/7 ecenomie, dy is net ‘volhoudbaar’.

Mar dat is wol wat wy toch op sommige plakken yn dizze PPN werom sjogge at we helaas fêststelle moatte dat we te bot besúnige ha op ús minsken. At we sjogge dat we oan de oare kant de besúniging dy’t we mei de kanteling besocht ha te realisearen no volledig by it sociaal domein helje wolle. Hoe ferhâld him dat ta elkoar? Kinne de minsken yn dit hûs de werkdruk noch oan? Kinne de minsken thús de extra besúniging op it sociaal domein wol oan? Want dát is eins wat we freegje! Is dat wol fol te hâlden?

Kinne we fan minsken ferwachtsje dat dat se 4 wiken wachtsje moatte op útbetelling fan bysûndere bystand? Is dat wol fol te hâlden?

De sifers fan dizze PPN litte een financieel neutrale perioade sjen, de kommende jierren, gjin grutte minnen en gjin grutte plussen. Al sitte der noch wol een protte PM posten yn dit stik en bliuwe we dus toch mei een wat fertekend beeld sitten.

Nu tinke jo misskien; wat een negatieve ûndertoan fan de ChristenUnie, dat binne we net fan hun went! Dêrom wol ik hjir direkt een lâns brekke dat dit ferhaal een positief ferhaal is.

Een positief ferhaal, omdat wy de kâns ha om it goede te dwaan. De ecomomie en de maatskappij te stjoeren yn de rjochting fan een positieve takomst. Want wy binne hoopfol foar dy takomst, mar ek realistisch dat we op dizze manier, dizze wei net troch kinne, dy is namelyk net ‘volhoudbaar’. Dêrom typeare wy ússels ek graach as ‘Hoopvol realistisch’. Ooit sil der een nije himel en een nije ierde komme, mar dizze is ús as rentmeesters tafertrouwd. Dêrom tsjinje wy de ierde en alles wat derop leeft, krûpt, swimt, fleant en rûnrint.

Corrigeren docht in protte, mar oanmoedigje docht safolle mear!

Dêrom wolle we mei inoar oplûke nei in circulaire, duorsume economie wêr’t sociaal ûndernimmen ‘gewoan’ is. Een nije, ‘volhoudbare’ ecenomie. Nee, better noch; een nije ‘volhoudbare’ mienskip!

Douwe Hooijenga

« Terug